Nieuws

    Top 10 Online Reisgidsen

    26 augustus 2022

    Reisboeken top 10

    26 augustus 2022
    Facebook Twitter Instagram
    • Contact
    Facebook Twitter Instagram
    Reisboekenwinkel – De online ReisboekenwinkelReisboekenwinkel – De online Reisboekenwinkel
    • Homepage
    • Webshop
    • eBooks
    • Boeken
      • Wandelen
      • Wegenkaart
    • Landen
      • Belgie
      • Duitsland
      • Frankrijk
      • Italie
      • Spanje
    • Contact
    Reisboekenwinkel – De online ReisboekenwinkelReisboekenwinkel – De online Reisboekenwinkel
    Home » Webshop » Famke famke

    Famke famke

    Boeken

    € 22,50

    Aam is in famke fan santjin dat net efter de keppel oan hobbelet; se lêst Couperus – yn 2012 – en tinkt nei oer wat se lêzen hat, dreamt har in bettere wrâld. Se wennet mei har heit op 'e Pôle, tegearre allinnich 'in the middle of nowhere'. By Haije Alkema, har learaar Nederlânsk, hat Aam in fin mear as in bears. Haije hat yn trije desennia net sa'n treflike learling hân. Oant koartlyn hat er har mentor west, mar har begeliede dat slagget langer net as it lesjaan him jimmer swierder falt, as in labilens him oppenearret, as it ferline him ta ferantwurding ropt… Yn 1973 hat er op it ferkennende paad fan de iere leafde in fatale misstap makke; dy faze yn syn libben hie er weistoppe, mar dan is dêr ynienen Lisabel, dy't, doe't se santjin wienen, wol wat mei him ha woe… wat mislearre fanwegen Saapke, in hynstefamke dat wat rûkte, en Erasmus lies, meiprate koe oer keunst, Haije syn passy neist literatuer, doe ek al… en syn oandacht krige. Famke famke is in meinimmende en yntrigearjende psychologyske roman, in ferhaal dat him geandewei ûwikkelet yn de twa tiidslagen dêr't de lêzer Haije folget yn syn dwaan en foaral ek tinken; yn de even haadstikken, as Haije as santjinjierrige syn fleislike lusten útwierret, allegeduerigen, obsessyf omtrint; en yn de ûneven haadstikken, as er mids fyftich is en in griis hat fan syn eartiidske seksuele preökkupaasje. De lêzer wurdt ynwijd yn it wêrom fan Haije syn omslach, in ferslach net sûnder spanning, mei in ûntknoping… de lêzer wurdt al lêzend nei de ein dreaun. Ale S. van Zandbergen debutearre yn 2013 mei de roman Littenser Merke. Yn 2014 krige er dêr sawol de Rink van der Veldepriis (bêste Fryske proaza-boek) foar as de Douwe Tammingapriis (bêste debút). It boek kaam ek op de shortlist foar de Gysbert Japicxpriis 2015.

    SKU: 906ef1707e97 Category: Boeken
    • Beschrijving
    • Extra informatie

    Extra informatie

    Schrijver

    Ale S. van Zandbergen

    Verschijningsdatum

    2017

    Gerelateerde producten

    • Bekijken

      100 Reizen Die Je Leven Veranderen

      Boeken € 22,50
    • Bekijken

      'Silmin' & 'Tin Ukkluk'

      Boeken € 16,50
    • Bekijken

      150 jaar Nijmegen in de Dikke van Dale

      Boeken € 10,00
    Productcategorieën
    • Boeken
      • Argentinie
      • Belgie
      • Camperreizen
      • Camping
      • Costa Rica
      • Denemarken
      • Duitsland
      • Engeland
      • Fietsroutes
      • Frankrijk
      • Griekenland
      • Ierland
      • Italie
      • Marokko
      • Nederland
      • Noord-Amerika
      • Oostenrijk
      • Peru
      • Polen
      • Portugal
      • Spanje
      • Thailand
      • Vietnam
      • Wandelen
      • Wegenkaart
      • Zuid-Amerika
      • Zweden
      • Zwitserland
    • eBook
    Reisboekenwinkel – De online Reisboekenwinkel
    Facebook Instagram
    • Home
    • Privacy Policy
    • Contact
    © 2023 Onderdeel van - Usagi Group B.V.

    Type above and press Enter to search. Press Esc to cancel.

    Beheer cookie toestemming
    Om de beste ervaringen te bieden, gebruiken wij technologieën zoals cookies om informatie over je apparaat op te slaan en/of te raadplegen. Door in te stemmen met deze technologieën kunnen wij gegevens zoals surfgedrag of unieke ID's op deze site verwerken. Als je geen toestemming geeft of uw toestemming intrekt, kan dit een nadelige invloed hebben op bepaalde functies en mogelijkheden.
    Functioneel Altijd actief
    De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
    Voorkeuren
    De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
    Statistieken
    De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt. De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door uw Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
    Marketing
    De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een website of over verschillende websites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.
    Beheer opties Beheer diensten Beheer leveranciers Lees meer over deze doeleinden
    Bekijk voorkeuren
    {title} {title} {title}